Dykbewaking fanwege stoarm

© Omrop Fryslân
It wetterskip Fryslân begjint freed betiid mei dykbewaking. De ferwachting is dat it wetterpeil dan tusken 6 en 9 oere yn Harns stige sil oant 3,50 m. Dat is 30 sm. boppe it alarmpeil.
Tongersdeitejûns om acht oere sille de coupures yn de wetterkearing by Harns sletten wurde. Dat betsjut dat it treinferkear nei de haven fan Harns stil komt te lizzen. Fierder wurde de trochgongen by de gemalen fan Ropta en by Dokkum sletten.