Stoarm: oanpaste feartsjinsten

De Koegelwieck fart tongersdei net mear op Flylân
De feartsjinsten nei de Waadeilannen binne oanpast yn ferbân mei it stoarmwaar dat freedtemoarn ferwachte wurdt. De snelstsjinsten fan en nei Flylân binne tongersdei al skrast. Dêrfoar yn it plak fart de gewoane fearboat tongersdeitejûn noch ekstra.
Freedtemoarn hiel betiid wurdt der ek ekstra fearn fan en nei It Amelân en Skiermûntseach. Op it hichtepunt fan de stoarm, tusken 6 oere en 11 oere moarns, fart Doeksen hielendal net.