Proef ov-chipkaart giet troch

© Omrop Fryslân
De proef fan Arriva yn súdeast-Fryslân mei de ov-chipkaart giet gewoan troch, ek al wurdt de kaart lanlik folle letter ynfierd. De ov-chipkaart soe der 1 jannewaris 2009 wêze, dat wurdt in heal jier letter. De NS moat der noch foar soargje dat reizgers in retoerke nimme kinne mei de chipkaart.
De ov-chipkaart waard begjin septimber yn Ljouwert yn gebrûk naam. Arriva hat in spesjale bus ynset dêr't yn oefene wurde kin mei de kaart.