Jelte Cuperus stapt út ried

08 nov 2007 - 14:07

Jelte Cuperus stapt op as riedslid fan de FNP yn de gemeente Dantumadiel. Oanlieding binne de reaksjes op syn útspraken oer de komst nei Damwâld fan flechtlingen. Mei út namme fan oaren makke Cuperus dêr beswier tsjin.

De FNP hopet net dat troch Cuperus syn útspraken in ferkeard byld fan de partij ûntstiet. De FNP sjocht himsels krekt as in demokratyske partij dy't neat fan geweld of ekstremisme witte wol, neffens foarsitter Van der Bij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)