Mboua net tsjin FC Zwolle
Sportclub Cambuur kin freedtejûn tsjin FC Zwolle net beskikke oer Marc Mboua. De Kameroeneeske oanfaller hat in ljiskblessuere. Mboua giet takom wike ek net nei Kameroen foar in ynterlân, mar bliuwt yn Ljouwert om te herstellen.
Snitser Chris de Wagt spilet nei alle gedachten wol wer yn de basis. De Wagt siet de lêste wiken in protte op de bank. Rick Hooijboer skoot no troch nei it middenfjild.