Jild Ljouwert foar fytsplan

© Omrop Fryslân
Ljouwert krijt hast seis miljoen euro foar ekstra fytsestallings yn de binnenstêd en in transfearium by Goutum-Súd. Minister Camiel Eurlings fan Ferkear en Wettersteat hat dat jild oan Ljouwert tasein.
It jild is bedoeld om de berikberens fan Ljouwert te ferbetterjen. Troch nije fytsestallings hopet de gemeente dat mear minsken op de fyts stappe. De plannen foar de stallings en it transfearium hearre by it fytsplan.