Stellerij yn de Stellingwerven

© Omrop Fryslân
By in ynbraak yn museum Oold Ark yn Makkingea is in ûnbekend jildbedrach stellen. Dat gebeurde tusken tiisdeitemiddei en woansdeitemoarn. De dieders kamen it museum yn troch in doar dy't net op slot siet.
De plysje hat woansdei twa ynwenners fan de gemeente Westerveld oanholden foar stellerij. De twa hiene yn in winkel yn Noardwâlde ark meinaam sûnder dêrfoar te beteljen. Beide fertochten krigen proses-ferbaal.