CDA Dokkum tsjin besunigings

08 nov 2007 - 09:52

De CDA-fraksje yn de gemeenteried fan Dongeradiel is tsjin de besuniging fan 90 tûzen euro op it skoalswimmen. De partij sil dêr hjoed in amendemint oer yntsjinje by de begruttingsried.

It CDA wol ek de besuniging fan 45 tûzen euro op de muzykskoalle beheine. De fraksje kiest foar it plan fan de muzykskoalle sels. Dêrby wurdt yn fiif jier tiid 30 tûzen euro besunige. Ek wol it CDA jild frijmeitsje foar de realisaasje fan legale jeudhonken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)