Nije cd fan Hepie & Hepie

De sjongende nichtjes Hepie & Hepie komme nei 20 jier wer mei in nije plaat. Dat hat har manager woansdei bekend makke. Hepie & Hepie brutsen troch yn 1980 mei harren hit ´Ik lig op mijn kussen stil te dromen´. Yn 1989 gie it duo útinoar.
In pear jier lyn begûnen Hepie_Hiemstra (47) en Hepie_Postma (49) wer op ´e nij. It fyfde album fan de froulju ferskynt freed. De singel Ons Dorp stiet al 11 wike yn de top hûndert.