Lobby foar Frysk yn grûnwet

FNP-steatelid Annigje Toering
It komitee fan steateleden besiket foar inoar te krijen dat it Frysk opnommen wurdt yn de grûnwet. Alle politike partijen leverje ien lid foar it komitee dat meiïnoar lobbye sil.
Op dit stuit ûndersiket in Staatscommissie oft en hoe't it Nederlânsk opnommen wurde kin yn de grûnwet. As it Nederlânsk yn de grûnwet kin, dan moat dat ek foar de Fryske taal jilde, sa fynt it steatebrede komitee.