Dokters yn aksje foar sikehûs

07 nov 2007 - 15:25

Alle húsdokters fan Harns binne yn aksje foar it Harnzer sikehûs. De seis húsdokters wolle mei de kollega's yn Noardwest-Fryslân protestearje tsjin it sluten fan de operaasjekeamers en de ôfdielings foar deibehanneling yn it Harnzer sikehûs.

De húsdokters prate nije wike mei de direksje fan it MCL. It is koart dei foar de aksje fan de húsdokters, want de direksje wol de operaasjekeamers al yn febrewaris 2008 slute.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)