Boekhoven: no de Starumer slûs

© Omrop Fryslân
It earstfolgjende grutte projekt dat oanpakt wurde moat yn de Súdwesthoeke is it ferdûbeljen fan de slûs fan Starum. Dat sei boargemaster Boekhoven fan Nijefurd woansdei by de iepening fan it akwadukt by de Galamadammen.
Op it provinsjehûs wurdt wurke oan in ûntwerp foar de Starumer slûs, dat takom jier oan de steaten presintearre wurdt. It wurk soe yn 2009 begjinne kinne, as alles meisit. De nije slûs soe dan yn 2011 oplevere wurde kinne.