Spegel-pylder op nij Saailân

07 nov 2007 - 10:42
  • De makette fan de spegeljende pylder

In spegeljende pylder sil yn 'e takomst op it Saailân tsjinst dwaan as fentilaasjehok foar de parkeargaraazje. B. en w. ha in arzjitekt frege om wat moais te betinken foar sa'n fentilaasjehok. Dat is in rûn, spegeljend ûntwerp wurden.

De pylder krijt in trochsneed fan 2 en in heale meter en wurdt 3,5 meter heech. Op de grûn om it gebou kin in ôfbylding makke wurde, dy't yn spegelbyld op de pylder te sjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)