Opsterlân kiest D66-frou

Francisca Ravestein wurdt de nije boargemaster fan Opsterlân. Se wennet yn Rotterdam en is op dit stuit waarnimmend boargemaster fan de gemeente Beverwyk. Fierder siet se foar D66 yn de Twadde Keamer en hat se wethâlder west yn in part fan Rotterdam.
De 55-jierrige Ravestein komt faak yn Fryslân en woe graach boargemaster wurde fan in plattelânsgemeente. Se wit noch net wêr't se wenje sil.