Nije strop doarpshûs R'geast

06 nov 2007 - 23:06

Doarpshûs De Beyer yn Rinsumageast krijt gjin jild fan de fersekering útkeard. Yn de lytse letterkes fan it kontrakt stiet dat de fersekerder gjin bedrach útkeart at der brân ûntstiet troch sleauwens.

De Beyer is op 5 oktober ferwoaste troch brân. Smeulende sigrettepeuken wiene de oarsaak. En dat is de meiwurkers fan it doarpshûs oan te rekkenjen, mient de fersekerder. It doarpshûs rint inkelde tonnen mis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)