Bouwers kinne it net oan

De makette fan it nije Provinsjehûs
De ôfheakke boubedriuwen hawwe as reden kapasiteitsproblemen oanjûn om net troch te gean mei de proseduere foar de nijbou fan it provinsjehûs. Ek soe it finansjele risiko te grut wêze omdat it projekt foar 61,4 miljoen euro útfierd wurde moat.
Deputearre Schokker hat der betrouwen yn dat it goed ôfrinne sil mei de boeteklausule. De provinsje sit no yn in gebou fan Achmea. As dat langer duorret as 2011 stiet der in boete op.