Provinsjehûs opnij oanbestege

De oanbesteging fan it provinsjehûs keallet swier...
De oanbestegingsproseduere foar de nijbou fan it provinsjehûs moat opnij no't de twa oerbleaune boubedriuwen Heijmans en BAM harren weromlutsen hawwe. Se fine dat der te folle risiko's binne. Oare boubedriuwen lutsen harren dêrom al earder werom.
De provinsje wol de risiko's no spriede troch it projekt yn twaën te dielen. As dat fertraging betsjut, riskeart de provinsje in boete as se langer yn it ferfangend kantoar sit.