Brent Rosier net nei Uruzgan

06 nov 2007 - 16:03
  • Brent Rosier

Brent Rosier, de broer fan de omkommen militêr Martijn Rosier fan Sint Anne, giet net op missy nei Uruzgan. Dat hat de 27-jierrige korporaal yn oerlis mei definsje besletten. Sawol Brent Rosier as definsje fine dat je de famylje net mear pine en stress besoargje moatte. It bart hast noait dat in soldaat om dy reden thúsbliuwt.

Rosier moast traine yn it opromjen fan minen, it wurk dêr't syn broer by omkommen is. Dat koe er net goed oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)