Trainer Roorda fuort by Aris

06 nov 2007 - 15:16

André Roorda is net langer trainer-coach fan basketbalclub Aris Friesland. De Ljouwerter club hat út de earste acht wedstriden mar twa punten helle. Troch dat minne begjin hat it bestjoer fan de Stifting Top Basketbal Friesland gjin fertrouwen mear.

Roorda woe de stipe fan it bestjoer mar krige dat net. Dêrnei is besletten om de oerienkomst tusken de coach en de stifting daliks te beëinigjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)