Húsdieren dea by brân

06 nov 2007 - 14:55

Twa hûntsjes en twa katten hawwe tiisdeitemoarn betiid in útslaande brân yn in wenbuorkerij oan de Tjebbingadyk yn Hidaard net oerlibbe. De bistjes binne stikt troch de reek. Fiif oare hûnen koene rêden wurde.

De brân is ûntstien yn de keuken fan de buorkerij. De brânwacht fan Wommels wie der gau by en koe tegearre mei de brânwacht fan Mantgum foarkomme dat it fjoer oer sloech nei de skuorre. De bewenners kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)