Opnij aksje foar Suderseeline

In soad minsken hawwe ferlet fan sa'n spoar
It aksjekomité foar in flugge spoar-ferbining tusken it Westen en it Noarden hat tiisdei nei Den Haach west om mei Twadde Keamerleden te praten. Se fongen de keamerleden op op it Hofplein en joegen har in ynformaasje-pakket dêr't de arguminten foar de Suderseeline ynsieten.
De bedoeling is dat de keamerleden fernimme dat in soad minsken fine dat der ferlet is fan sa'n spoar. Woansdei giet it Twadde Keamerdebat dêroer.