Needopfang hat noch stroom

06 nov 2007 - 12:06
  • de needopfang yn Wytmarsum

Enerzjybedriuw Essent hat de needopfang yn Wytmarsum útstel jûn fan ôfsluting. Essent woe tiisdei de needopfang ôfslute fan gas en ljocht. Nei oerlis mei de top fan it bedriuw is besluten om dat in skoftke út te stellen. De needopfang hat in skuld fan hast 70.000 euro troch hier-, telefoan- en enerzjykosten.

Der moat noch in oplossing fûn wurde foar de 30 útprosedearde asylsikers dy't no yn de needopfang wenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)