Stichting foar tsjerkûnderhâld

06 nov 2007 - 11:55

Der komt in spesjale stichting dy't jild ophellet foar it ûnderhâld fan de tsjerke fan Minnertsgea. Pleatslik belang is dwaande mei it oprjochtsjen fan sa'n stichting.

De tsjerke is op dit stuit yn ridlike steat, mar it doarp is benaud dat der yn de takomst net genôch jild is foar bygelyks it opknappen fan it dak. Mei donateur- en sponsoraksjes moat der genôch jild op it kleed komme om de tjerke yn de takomst goed te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)