Hearrenfean moat Pranjic misse

Danijel Pranjic
SC Hearrenfean sil it de kommende wiken sûnder Danijel Pranjic dwaan moatte. De linker middenfjilder foel ôfrûne sneon yn de wedstryd tsjin PSV út mei in hamstringblessure.
Moandei is der in echo makke en dêrút docht bliken dat de spier net skuord is. Dochs sil Pranjic sa'n twa as trije wiken út de rûlaasje wêze. De Kroatyske middenfjilder moat no de krusiale EK-kwalifikaasjewedstriden tsjin Macedonië en Ingelân misse.