Tryater spilet Clash!

Clash! Foto: Karel Zwaneveld
Teaterselskip Tryater spilet op 'e nij in ûnderwiisteaterprojekt foar jongeren út it fuortset ûnderwiis. It giet om it stik Clash!
Veilig Verkeer Nederland hat Tryater frege in foarstelling te meitsjen om it tema 'risikogedrach yn it ferkear' hinne. De rezjy is yn hannen fan Nynke Heeg en Hans Man in 't Veld. It ferhaal giet oer twa jonges en in famke, werby it famke kieze moat tusken feilichheid en útdaging.