Wer in winkel yn Suwâld

© Omrop Fryslân
It doarp Suwâld krijt nei sawat achttjin jier wer in winkel op de Kerkbuurt. Wiltzangh is in spesjalistyske winkel mei it aksint op klokken.
Mar der is der ek guod te krijen op it mêd fan wenjen en klean foar bûten. Eartiids wie de Kerkbuurt in echte winkelstrjitte mei in ûnder oaren twa bakkers, in postkantoar, in smederij en in slager. Fan 22 novimber ôf is de nije winkel iepen.