'Neitinke oer sloop wenten'

© Omrop Fryslân
Yn gemeenten yn noardwest- en noardeast-Fryslân moat neitocht wurde oer de sloop fan wenten om leechstân tsjin te gean.
Dat seit direkteur Hagenaars fan Wonen Noardwest Fryslân. Yn it hiele noarden fan de provinsje ûnder de Waadseedyk steane in soad hierwenten leech. Tagelyk binne der ek plannen foar nijbou. Komme de gemeenten der ûnderling net út dan soe de provinsje yngripe moatte, sa fynt Hagenenaars.