Mei fytsferljochting nei buro

05 nov 2007 - 20:45

De plysje op Flylân jout gjin boete oan fytsers sûnder goeie ferljochting as se binnen in wike it spul wer foar elkoar hawwe.

De plysje op Flylân reagearret dêrmei op de diskusje yn ferbân mei it stranger optreden tsjin ferkearde fytsferljochting. De plysje op Flylân hat besluten dat fytsers gjin boete krije as se de earste tongersdei nei de bekeuring in goed wurkjende ferljochting sjen litte kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)