Ynternetfersekering goedkeaper

© Omrop Fryslân
Minsken dy't fia ynternet fersekere binne by FBTO betelje yn 2008 mar 84,75 euro preemje per moanne. De ynternetfersekerder út Ljouwert hat de hichte fan de preemje beynfloedzje litten troch de oanmeldings op de webside fan de FBTO. Sa'n 11.000 net FBTO-klanten ha in offerte oanfrege.
Sa'n 50.000 minsken ha op ynternet de ynternetsoarchfersekering besjoen. De gewoane fersekering by de FBTO is takom jier 90,75 euro.