Histoaryske ynformaasje yn byb

05 nov 2007 - 16:48

Gemeenten yn Súdwest-Fryslân moatte in histoarysk ynformaasjepunt krije. De ynwenners kinne sa mear leare oer de skiednis fan har gebiet of famylje. In rapport oer de helberheid fan de saneamde HIP's is oan deputearre Jannewietske de Vries oanbean.

Yn de biblioteken fan Snits, Boalsert en de gemeente Nijefurd komme sokke histoaryske ynformaasjepunten. De gemeenten wolle in streekargivaris beneame dy't helpe kin by it sykjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)