Snits wint mei 3-0 fan SVBO

04 nov 2007 - 16:31

Sneinshaadklasser Snits spile thús tsjin SVBO. De Snitsers wûnen yn in net al te bêste wedstriid mei 3-0 fan de ploech út Barger Oosterveld. Yn de tredde minút fan de wedstriid stie it 1-0 troch Theo Ydema. Kevin Koenen soarge foar it skoft foar 2-0.

Yn de twadde helte makke Theo Ydema syn twadde doelpunt en waard de einstân 3-0. Oan 'e ein fan de wedstriid moast in spiler fan SVBO nei it sikehûs mei in brutsen skonk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)