Drachtster plysje yn aksje

04 nov 2007 - 15:22

Yn Drachten kaam de plysje sneonte- nacht meardere kearen yn aksje. Oan de Noordkade helle in 17-jierrige jonge fan 'e Harkema ferhaal neidat er in boete krigen hie. Hy misledige de plysjes en moast doe mei nei it buro.

In 19-jierrige Drachster skold de plysje sûnder oanlieding út. Hy waard opskreaun. En in oare Drachtster (19)bemuoide him mei de plysje doe't dy in boete útskreau foar immen dy't tefolle dronken hie. Ek hy moast mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)