Trije oanhâldings yn Snits

04 nov 2007 - 15:02

De plysje hat yn Snits sneontenacht trije minsken oanhâlden dy't plysjes misledigen. In 18-jierrige Snitser bemuoide him oan de Wijde Noorderhorne mei it wurk fan de plysje en misledige se. Hy waard meinommen nei it buro.

In oare 18-jierige Snitser skold de plysje op itselde plak út. Ek hy moast mei. Nachts is ek noch in frou fan 40 oanhâlden op de Marktstraat. Se hie fiersten te folle dronken en skold de plysje út. Se mocht útsliepe yn de sel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)