Oanmeldings foar Noarderleech

04 nov 2007 - 13:42

It Fryske Gea hat fiif oanmeldings krigen fan boeren dy't har fee wol op it Noarderleech by Marrum weidzje litte wolle. It Gea siket in nije pachter om't it it pachtkontrakt mei boer Piet Lootsma ferbrutsen hat.

Lootsma hie de ôfspraak skeind om syn hynders foar 15 oktober fan it Noarderleech ôf te heljen fanwege it stoarmseizoen. It Gea sil ynkoarten mei de pachters om 'e tafel om saken te besprekken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)