PvdA sjocht mear nei regio's
De PvdA wol mear omtinken jaan oan de regio's. Ofrûne sneon waard yn Drachten in earste byienkomst holden oer hoe't de partij fierder moat nei it rapport Vreeman. In advys dêryn is dat de PvdA tichter by minsken stean moat.
Yn Fryslân sil de partij dat dwaan mei in permaninte publykskampanje. Ek sille leden mear belutsen wurde by belied.