FNV Noard lilk op MKB Nederlân

03 nov 2007 - 13:48

Fakbûn FNV Noard is lilk op foarsitter Loek Hermans fan MKB Nederlân. Dy wol wurknimmers yn 'e frije tiid op kursus stjoere. De arbeidsmerk soe sa mear goed oplaat personiel krije moatte. As se de kursus wegerje, dan moat it neffens Hermans mooglik wêze om minsken te ûntslaan.

It fakbûn fynt dat it MKB in probleem besiket op te lossen dat se sels feroarsake hawwe troch earder net genôch oan oplieding dien te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)