Gouden tsiisboar nei Wolvegea

Peter Piersma wint de Gouden tsiisboar
Peter Piersma fan it tsiisfabryk yn Wolvegea is de bêste tsiiskenner fan Nederlân. Piersma wûn freed op it Nationaal Kaaskeur Concours de gouden tsiisboar. Hy wie mei 231 punten de bêste fan hast 400 dielnimmers.
Ek oare Fryske tsiismakkers foelen yn de prizen. Foar Sjoerd Hiemstra fan it tsiisfabryk yn Warkum wie der in sulveren medalje. Albert Verbeek en Jacob Heida wûnen in brûnzen medalje. Ek sy wurkje yn Wolvegea.