Jonge diabetisy rinne maraton

02 nov 2007 - 21:08

Trije jonge Friezen mei diabetes dogge dit wykein mei oan in hurdrinwedstriid yn Atene. De trije wurde sponsorre troch sikehûs MCL, dat sa sjen litte wol dat ek diabetisy sportive prestaasjes leverje kinne.

Esma van Amerongen is mei har njoggen jier de jongste dielnimmer. De oare twa binne Daniëlle Terpstra (13) en Rik ten Brug (15). De trije Friezen rinne mei 39 bern elk in kilometer fan in maraton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)