Mear feiligenshuzen nedich

© Omrop Fryslân
It feiligenshûs dat yn Ljouwert iepene wurdt, moat op folle mear plakken neifolging krije. Dat fynt minister Hirsch Ballin fan justysje. Nederlân telt op dit stuit al 23 feiligenshuzen. Dêr komme dy yn Ljouwert en ien yn Grins noch by.
Mei in feiligenshûs besykje ynstânsjes lykas it iepenbier ministearje, de reklassearring en jeugdsoarch foar te kommen dat probleemjongeren noch fierder ôfglydzje.