Fraudeferoardieling op NHL

Twa âld-studinten fan de NHL Ljouwert binne feroardiele
Twa âld-studinten fan de NHL Ljouwert binne feroardiele ta 40 oeren wurkstraf en twa wiken sel op betingst. Se soenen ûnfoldwaandes op siferlisten feroare hawwe yn foldwaandes om frijstelling foar guon fakken te krijen. De studinten ûntkenne de beskuldigings. Harren âlde skoalle soe ferkearde listen ynlevere hawwe. De studinten gean yn heger berop. Anker en Anker helpe harren dêrby.