Seefeartskoalle hat nij gebou

De learlingen binne tige wiis mei it gebou
Yn Harns is it nije ûnderkommen fan 'e Maritime Akademy feestlik yn gebrûk naam. De learlingen sitte al goed in heal jier yn it gebou om proef te draaien. Se binne tige wiis mei it gebou.
Direkteur Arjen Mintjes hat jierrenlang krewearre foar de bou fan 'e nije seefeartskoalle. De haadrolspilers fan 'e film 'De scheepjongens fan de Bontekoe' iepenen de skoalle freed offisjeel.