Eastfryske toer ferslacht Pisa

02 nov 2007 - 14:46

In tsjerketoer yn Eastfryslân is de brykste toer fan Europa. De toer fan Suurhusen hat de brike toer fan Pisa fan it earste plak ferdreaun yn it Guinness Book of Records.

Suurhusen stiet 5,07 graden út it lead, de toer fan Pisa 3,97 graden, Suurhusen leit benoarden Emden yn Dútslân. It gebiet hearde yn in ofer ferline by Fryslân. De Aldehou yn Ljouwert hinget 'mar' 1,68 meter út it lead.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)