Us Heit Tarwe-bier te sterk

02 nov 2007 - 13:36

Bier fan 'e Friese Bierbrouwerij sit te folle alkohol yn. Us Heit Bier, Dubbel Tarwe moat neffens it etiket 6 prosint alkohol hawwe. De Voedsel- en Warenautoriteit stelde lykwols hast 8 prosint fêst. De brouwer moat dêrom in boete betelje.

De brouwerij fynt dat der net te folle alkohol yn it bier sit en bringt de saak dêrom foar de rjochter. Oare wike moandei boecht de rjochtbank yn Ljouwert him oer de kwestje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)