Fytser botst op heftruck

02 nov 2007 - 12:19

Yn Snits is tongersdei in frou op 'e fyts ferwûne rekke. De 55-jierrige ynwenster fan Top en Twel boste op de stielen balken fan in stilsteande heftruck yn 'e Edisonstrjitte. Dy koe net mear fierder omdat de brânstof op wie.

Op it stuit dat de frou op de heftruck botste, stiene de optillers op boarsthichte. De frou is mei ferwûnings nei it sikehûs yn Snits oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)