Palmbeammen oan autodyk

02 nov 2007 - 12:04
  • Aksjegroep wol palmbeammen oan autodyk

It Noarden is betiden te saai en dat kin wol oars. Dat fynt de aksjegroep Het Noorden Moet Leuker. De groep bea freedtemoarn in petysje oan op it gemeentehûs fan Ljouwert. Dêroan foarôfgeand wie der in optocht troch it sintrum fan 'e Fryske haadstêd.

De aksjegroep hat allerhanne fiergeande plannen. Sa moatte bygelyks palmbeammen oan 'e autodyk en kleurige lampes yn 'e stêden derfoar soargje dat it oansjen fleuriger wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)