Ynternasjonaal krimineel pakt

02 nov 2007 - 11:32

Yn Ljouwert hat de nasjonale resjerzje in man oanhâlden dy't derfan fertocht wurdt dat er by in ynternasjonale kriminele organisaasje sit. Ek yn Amsterdam is in fertochte yn 'e anty-maffia-aksje oanhâlden.

De fertochten binne in 33-jierrige Serviër en in 46-jierrige man út Bosnië. De Italiaanske justysje fertinkt manlju fan it ferkeapjen fan grutte partijen kokaïne en heroïne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)