De Skâns wurdt in doarp

It buorskip De Skâns wurdt ynkoarten in doarp.
It buorskip De Skâns - ek wol bekend as Eastmahorn - wurdt ynkoarten in doarp. De ried fan Dongeradiel is it dêr oer iens mei boargemaster en wethâlders. De bewenners wolle stommegraach de doarpsstatus hawwe.
Dat is wichtich, omdat TNT-post dan pas in postkoade jaan wol. Dy hat it doarp no net en dat soarget foar problemen. Helptsjinsten reitsje wolris yn de war en dêrtroch komt de feiligens fan de ynwenners yn gefaar.