Aris lêste yn earedivyzje

© Omrop Fryslân
Basketbalklub Aris stiet nei sân wedstriden lêste yn de earedivyzje. De Ljouwerters ferlearen tongersdeitejûn yn Almere mei 98-76 fan Omniworld. Troch in soad trijepunters yn it lêste kwart rûn Almere út en pakte de fertsjinne oerwinning.
It wie foar Omniworld de earste oerwinning fan it seizoen. Aris en Omniworld hawwe no likefolle punten, mar omdat Aris in wedstriid mear spile hat, stiet dy no lêste.