Twa skaaktoernoaien dit wykein

01 nov 2007 - 21:26

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is takom wike freed de lotting fan it Haije Kramer skaaktoernoai. Yn dy lotting spylje in hynder, in toer, in loper en in dame in rol.

Jûns begjinne der twa skaaktoernoaien. It Waling Dykstra toernoai en it Haije Kramer toernoai. Oan it Haije Kramer toernoai dogge seis Fryske topskakers mei; Sipke Ernst, Jan Werle, Yge Visser, Migchiel de Jong, Eelke Wiersma en Karel van der Weide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)