Belesting Amelân giet omheech

01 nov 2007 - 21:19

Rekreaasje-ûndernimmers op it Amelân binne lulk op it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Dat wol de toeristebelesting ferheegje mei 50 persint oant ien euro per persoan de nacht. Dat moat yn jannewaris yngean.

Omdat de measte boekingen foar 2008 al dien binne, moatte de ûndernimmers de toeristebelesting sels oanfolje, sa sizze se. Dat soe se hûnderttûzenen euro's kostje. It kolleezje komt hjir te let mei, fine de ûndernimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)